Denken, Doen en Laten

Arriva wint oanbesteging Noard en Súdwest Fryslân en Skiermûntseach

Arriva wint de oanbesteging fan it iepenbier ferfier yn ‘e konsesje Noard en Súdwest Fryslân en Skiermûntseach. Dat hat de provinsje Fryslân 20 maart 2012 oankundige. De konsesje befet ek de stedstsjinst Ljouwert, dy’t oergiet fan diesel op grien gas. Hjirfoar sil in gastankstasjon yn Ljouwert realiseare wurde.

Op Skiermûntseach sille seis elektryske bussen ride, dy’t de provinsje hjirfoar keapje sil. De konsesje befet ek de Qliners nei Noard-Hollân en nei Emmeloard. De konsesje duorret acht jier mei in mooglike ferlenging nei tsien jier.

inno-V hat de provinsje it ófrûne jier stipe by dizze oanbesteging. inno-V wie ferantwurdlik foar it útwurkje fan alle aspekten fan ‘e oanbesteging: ynhâldlike easken oan ‘e ferfierder, finansjele prikels, geunstmodel, ensafuorthinne. Ek wie inno-V pinnefierder fan alle oanbestegingsdokuminten en begelied inno-V de beoardielingskommisje.

Terug naar overzicht